Ut e underste lagen (e-boek)
In rige fan seis ferhalen oer lju ‘út ’e ûnderste lagen’, minsken dy't fan earmoede de kruk fan ’e doar net fine kinne en dy't it mei de seden net altiten like nau nimme
€ 6,50
Omschrijving
Feitsma hie al aardich wat ferhalen en ferskes vn de folksaardige trant publyk makke, doe’t er ûnder de tsjoen rekke fan it Naturalisme, in streaming dy't yn Frankrvk ûntstien wie en syn wei fûn hie nei Dútslân en Nederlân. It Naturalisme wol de wrâld mei ‘wittenskiplike’ krektens útbyldzje: giin sedeprekerij, mar wierheid. Likemin as oare naturalistyske skriuwers bekroadet Feitsma him om de grinzen fan fatsoen en earberheid dy't earder vn 'e literatuer yn acht nommen waarden. De skriuwer mei neat ferhimmelje en fermoaikje, ek net as de earklikheid dy't er beskriuwt ôfstjittend is. Sa ûntstie in rige fan seis ferhalen oer lju ‘út ’e ûnderste lagen’, minsken dy't fan earmoede de kruk fan ’e doar net fine kinne en dy't it mei de seden net altiten like nau nimme.
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 145 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | S.K. Feitsma |
Korte levensbeschrijving | Sake Knilles Feitsma (1850-1918) learde ta skoalmaster en stie op ûnderskate plakken. Hy hat ek in skoft by it Frysk Wurdboek wurke en besocht om fan ’e pinne te libjen. Feitsma wie in knappe kop, mar tagelyk in ûngelokkich man. Drank en earmoede wienen svn fijannen. |
Verschijningsdatum | 2012-05-02 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-379-0
- EAN nummer
- 9789089543790
- Auteur
- S.K. Feitsma