Omschrijving
Jennie, Tuur, Ivo en Wieke boartsje yn ’e sânbak. Dan fine se ynienen in deade fûgel. Jennie draaft fan skrik nei hûs.
“Jennie is in bangeskiter!” joelje de oare bern.
Sels op skoalle pleagje se har.
De juf grypt yn.
Se freget de bern om op te skriuwen wat se eng fine. Dan blykt dat alle bern wol ergens bang foar binne. En grutte minsken ek!
Ast dat fan dysels witst, hoechst in oar dêr ek net mear mei te pleagjen.
Formaat | 145x210 mm |
Aantal pagina's | 37 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur -Vertaler | Marianna van Tuinen - Ytsje Steen |
Biografie | Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum (1959). Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) en de middelbere skoalle (Ljouwert) hat sy yn Den Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk. |
Verschijningsdatum | 18-06-2024 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-657-3
- EAN nummer
- 9789463656573
- Auteur
- Marianna van Tuinen