Wyn fan feroaring
Afbeelding van Wyn fan feroaring
Afbeelding van Wyn fan feroaring

Wyn fan feroaring

De earste echte skûtsjeroman. Fris en tagonklik, mei ‘it brûs foar de kop’

€ 22,50



    Omschrijving

    Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.
    Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate.
    It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes...

    Formaat 145x210x23 mm
    Aantal pagina's 243
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Hilda Talsma
    Biografie

    Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar de kop'. Nei de Frisum-trilogy De twadde hûd, Flammen en It geloksbern en de roman Brekber is dit alwer har fyfde boek. Yn alle boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

    Verschijningsdatum 28-06-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-769-9
    EAN nummer
    9789089547699
    Auteur
    Hilda Talsma