Wyntrilogy e-boek
Afbeelding van Wyntrilogy e-boek
Afbeelding van Wyntrilogy e-boek

Wyntrilogy e-boek

Bondel fan trije skûtsjeromans fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dy’t de lêzer meinimme yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân

€ 8,50



    Omschrijving

    Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy’t harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie’s neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken.

    Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op ’e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht.

    Yn diel 3, Wyn fan de winners sil de famylje Kamstra besykje om wer yn ’e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden en Johanna hat oare prioriteiten. De nije bemanningsleden út Frisum soargje, tegearre mei de Onnie’s, foar de nedige konsternaasje en sadwaande wurdt it wer in wike fol ferrassingen.

    Dizze hearlike boeken fol spanning, aventoer, humor en romantyk, nimme de lêzer mei yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.

    ebook_wyntrilogy_Inkijk.epub

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 492
    Levertijd 0 werkdagen
    Auteur Hilda Talsma
    Biografie

    Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd en yn 2021 skreau se it boekewikegeskink Lockdownleafde. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

    Verschijningsdatum 22-12-2021

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-378-7
    EAN nummer
    9789463653787
    Auteur
    Hilda Talsma